Frysk Toaniel Katalogus
Oersjoch Toaniel
Skriuwer: MARTENS, Anne Coulter Tal Froulju: 7
Titel: Godskes, in gabber Tal Manlju: 4
Skreaun: 1961 Oare Pers:  0
Te_keap: Ja Tal Pers: 11
Oersetter: Haan, Jikke de Omfang: Ienakter
Oarspr. Titel: Beat it beatnik Dekor: wenkeamer
Utjefte: 1999 Soart Stik: blijspul
Ynfierdatum: 15-04-1999 Doelgroep: jongereintoaniel
Besitter: Stuft Opmerkings:
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Beskriuwing: Bonny Kamminga ferwachtet in brief dêr't -nei 't sy hopet- yn stiet dat se oannaam is as liedster yn in bernekamp op Skylge. Dêr sit se mei har freondintsje oer te beljen as har suster Reinou de telefoan brûke wol, want har nije feint Wander sil foar't earst op besite komme. Broerkes en suske binne o sa nijsgjirrich nei dy nije "flam" en as Reinou dan in fotootsje wei-tôget dêr't Wander -as gabber ferklaaid- oan in toanielstik mei docht (mar dat witte de oaren net) op stiet, sille se him wol even "waarm" ûntfange! It hûs wurdt omtovere yn in coffee-shop en midden yn't heislikste kabaal komt mefrou Tsjesma om mei Bonny te praten oer't bernekamp.. Gelokkich komt nei alle fersin alles wer op syn poatsjes telâne. In tige leuke en flot te spyljen ienakter, foaral omdat hjiryn it probleem spilet, dat elk tsjinwurdich gau in oardiel hat oer syn meiminske.