Frysk Toaniel Katalogus
Oersjoch Toaniel
Skriuwer: ANNEMA, Froukje Tal Froulju: 4
Titel: Treast mei sûker en molke Tal Manlju: 4
Skreaun: 1996 Oare Pers:  0
Te_keap: Ja Tal Pers: 8
Oersetter: Omfang: Jûnfoljend
Oarspr. Titel: Dekor: Sikehûsrestaurant
Utjefte: 1997 Soart Stik: blijspul drama
Ynfierdatum: 05-06-1998 Doelgroep: folwoeksenentoaniel
Besitter: Stuft Opmerkings: Mei in pear figuranten
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Beskriuwing: Dit stik spilet yn in sikehûsrestaurant, dúdlik it plak dêr't de bûte- en de sikehûswrâld byinoar komme. De spilers hearre dan ek òf yn de iene, òf yn de oare wrâld thús; útsûndere Anneke, de barhâldster, omdat se eins wol by 't sikehûs heart en dochs gjin pasjint is. Sy en har man Frâns ha in 14-jierrige soan dy't by in jeugdbinde sit, dy't geregeldwei de buert tiranisearret. Anneke heart fan alle kanten dat it gjin wûnder is dat bern ôfglide nei de kriminaliteit as beide âlders sa noadich wurkje wolle! Fansels wurdt úteinlik bekend dat har soan by dy binde sit en ynstee fan dat sy hieltyd pasjinten treast jout mei goede wurden en kofje, helpe dy har en har man. En tank sij in aardich freondintsje liket harren soan dochs ek it goede paad werom te finen.