Frysk Toaniel Katalogus
Oersjoch Toaniel
Skriuwer: WIJNGAARDEN, Hans van Tal Froulju: 5
Titel: Net te beteljen sa'n leadjitter Tal Manlju: 4
Skreaun: ? Oare Pers:  0
Te_keap: Ja Tal Pers: 9
Oersetter: Kingma, Froukje en Herman Sytema Omfang: Jûnfoljend
Oarspr. Titel: De onbetaalbare loodgieter Dekor: 1
Utjefte: 1990 Soart Stik: klucht, blijspul
Ynfierdatum: 03-06-1998 Doelgroep: folwoeksenentoaniel
Besitter: Stuft Opmerkings:
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Beskriuwing: Westra en syn frou binne wat opelkoar útsjoen en beslúte dêrom om in skoft by elkoar wei te gean; Westra sil nei omke Durk yn Austraalje útfanhûs. Krekt as er ôfset, komt der in telegram fan omke dat dy ûnderweis is nei Fryslân. Hy sil syn kaptaal, dat er dêr yn'e fierte fertsjinne hat, ûnder syn famyljeleden ferpartsje. Dy famyljeleden binne in broer en in suster fan him en Westra, syn omkesizzer. Frou Westra wol har it jild net graach ûntkomme litte, en freget in leadjitter, dy't aardich op har man liket, dy syn plak yn te nimmen. Op in dei is der dan in famyljebyienkomst en omke Durk wurdt dêr troch de iene noch mear paaid as troch de oare. Mar wat sjocht elk raar op as der in man oan'e doar komt dy't seit dat er Westra is en dat er de fleanmasjine nei Austraalje mist hat. Elk freget him ôf wa't no de echte Westra is. Sels frou Westra wit it net en ek de frou fan de leadjitter sjocht net wa't har eigen man is. It komt derop del dat it nochal eefkes duorret foardat frou Westra troch hat, dat der in frjemde man by har oer de flier is en dat har eigen man by de leadjittersfrou húsmannet. Oan'e ein docht bliken dat in goede toanielploech ta grutte prestaasjes komme kin.