Fryske Toaniel Katalogus fan Tresoar
Fryske Toaniel Katalogus  
   Wolkom    Titellist    Sykje     Ynformaasje    Kontakt

Auteursrjochten

Oan it kopiearjen of it opfieren fan toanielstikken binne oer it generaal auteursrjochten ferbūn. Dy wurde net troch Tresoar ferliend. Yn de titellist ūnder it kopke 'mear' kin men by de folsleine titelbeskriuwing mear ynformaasje fine oer de rjochten. Yn Stuft-boekjes stiet it altyd oanjūn (stikker).

A. Kopiearrjocht
Boekjes fan de StUFT meie net samar kopiearre wurde. Bart soks sūnder tastimming, dan stjoert de Stuft de toanielferiening yn kwestje in rekken. Dizze śtjouwerij hat fan alle titels meardere eksimplaren op foarrie te keap.
Foar tastimming ta it kopiearjen fan oare toanielstikken moatte jo by de rjochthawwende wźze (śtjouwer, skriuwer, oersetter). Meastentiids kinne dizze stikken foar in beheind tal kopiearre wurde as de opfieringsrjochten regele binne.

B. Opfieringsrjocht
Wichtiger binne de rjochten ta it opfieren fan in toanielstik. Hjirfoar jilde de folgjende, globale regels.

  1. As de skriuwer langer as 75 jier lyn ferstoarn is binne dy stikken frij fan rjochten.
  2. Ek in oersetter moat yn prinsipe akkoard gean mei it opfieren fan in stik. (Dat jildt dus ek as de skriuwer al langer as 75 jier lyn ferstoarn is, mar de oersetter net.)
  3. Fan alle stikken dy't de Stuft śtjūn hat, binne de opfieringsrjochten regele. Dizze stikken meie altyd sa oppfierd wurde nei it beteljen fan 'e opfieringsrjochten. Ien en oar stiet ek oanjūn yn elk boekje oan 'e binnenkant fan de kaft (stikker).
    Oare śtjouwerijen lykas Vink, Stinedra, Grosfeld, ha de rjochten faak oerlitten oan in auteursjochtenburo.
  4. Foar oarspronklik Frysktalich toaniel dat net śtjūn is, moatte jo foar tastimming by de skriuwer wźze. It taryf leit net fźst.
  5. Ynljochtings oer auteursrjochten, belanghawwenden, adressen ensfh. binne te krijen by de dramaturch fan frats. Sjoch op www.frats.nl ūnder 'Kontakt'.
  6. Der binne yn Nederlān ferskate auteursrjochtenbureau's dwaande dy't de rjochten fan Nederlānske en būtenlānske toanielskriuwers behertigje. De wichtigste binne Stichting Bredero yn Krommenie en it IBVA (Internationaal Buro voor Auteursrechten) yn Alkmaar.
Sjoch foar adressen en links nei auteursrjochtenburo's, toanielśtjouwerijen, toanielboekhannels en toanielbiblioteken op de webside fan frats: www.frats.nl ūnder 'Links'.
Versie 1.2  copyright 2004