Wolkom,by de Fryske Toaniel Katalogus fan Tresoar
Dizze katalogus jout beskriuwingen fan oarspronklik Fryske en yn it Frysk oersette toanielstikken. Oarspronklik Fryske toanielstikken fan foar 1960 binne hjir net yn opnommen.
Jo kinne sykje op: Namme, Titel, Tal personaazjes, Soart Stik, Omfang, ensfh. Ek is it mooglik om saken te kombinearjen.
In list fan jo seleksje kin útprinte wurde fia de printopsje fan jo kompjûter. Ek ôfsûnderlike titels mei alle gegevens oer dat stik kinne útprinte wurde, links ûnder yn byld stiet dan ‘print ferzje’.
De toanielsamling omfiemet toanielboekjes dy’t útjûn binne, mar ek skripten fan stikken dy’t net útjûn binne.
Skiednis
De Fryske Toaniel Katalogus wie oarspronklik in projekt fan frats (De Fryske Amateur Teater Skoalle, ûnderdiel fan Keunstwurk) en de Stuft (Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel). Yn 2004 waard de katalogus en de toanielsamling ûnderbrocht by Tresoar.
Liene
Yn de biblioteek fan Tresoar yn Ljouwert kinne jo toanielstikken ynsjen of liene – dus net bestelle of keapje. Stikken liene kin op ferskillende manieren. By Tresoar kin dat mei de pas fan Tresoar of mei in pas fan de Iepenbiere biblioteek.
Jo kinne ek by jo eigen biblioteek stikken bestelle en ophelje. Hjir binne wol kosten oan ferbûn mar dêr stiet tsjinoer dat je net nei Ljouwert hoege.
Stuft boekjes
Toanielboekjes fan de Stuft kinne net allinnich liend wurde by Tresoar, mar ek by de Stuft sels. Jo freegje dan telefoanysk of fia de mail in ‘sichtsending’ oan. Wolle jo in stik fan de Stuft spylje dan is it keapjen fan de boekjes by harren ferplicht. Stuft bemiddelt dan ek by de ferplichte opfieringsrjochten.
Boekje of Skript?
Yn it ‘kaartsje’ mei de gegevens fan in toanielstik sjogge jo by ‘Besitter’ stean de útjouwer; bygelyks Stuft, Vink, Grosfeld.
As der efter ‘Besitter’ Tresoar stiet dan binne der gjin boekjes fan dat stik te keap.
Wolle jo in stik spylje dat fan Tresoar is, dan moatte jo sels de tekst kopiearje en sels de rjochten regelen. Jo kinne advys oer de rjochten freegje by de dramaturch fan frats / keunstwurk
Ek foar oare bysûndere fragen oer repertoire kinne jo by frats telâne.
Wizigingen
Sjogge jo flaters of misse jo ynformaasje jou dit dan asjeblyft troch fia frats@keunstwurk.nl.
Sjoch ûnder Kontakt foar de adressen en nûmers fan Stuft, frats en Tresoar.
|